Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Eastfrysk

Eastfrysk
algemien
oare namme(n) Eastlauwersk Frysk
eigen namme (Aast)Fräisk
lânseigen yn Dútslân
tal sprekkers 2.250
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Frysk - Eastfrysk
dialekten Iemsfrysk (û.m. Auricherlânsk, Brokmerlânsk, Norderlânsk, Emsigerlânsk, Moarmerlânsk, Reiderlânsk, Borkumersk, Baltrumersk, Sealterfrysk), Wezerfrysk (Harlingerlânsk, Jeverlânsk, Rjustringersk, Bûtjadingersk, Woerstfrysk, Wuerdfrysk, Wangereagersk, Spikereagersk, Lange-eagersk)
taalstatus
offisjele status it Sealterfrysk genietet yn Dútslân erkenning as minderheidstaal; alle oare Eastfryske dialekten binne útstoarn
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 gem
ISO 639-3 stq (Sealterfrysk)

It Eastfrysk, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. Krekt as mei it Frysk yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân bard is, is it Eastfrysk de lêste seishûndert jier hieltyd fierder yn it neigean rekke. Hjoed de dei wurdt der noch mar ien dialekt sprutsen, it Sealterfrysk.


Previous Page Next Page