Westsemityske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Midden-Easten, Noard-Afrika, Hoarn fan Afrika, Malta | |
tal talen | ±105 (ynkl. deade talen) | |
tal sprekkers | >350 miljoen (2018) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Semitysk ● Westsemitysk | |
subgroepen | ● Middensemitysk ● Súdsemitysk |
De Westsemityske talen binne in foarstelde (mar noch net algemien akseptearre) taalkloft, dy't ûnderdiel útmeitsje soe fan 'e Semityske talen. De Semityske talen hearre sels wer ta de Afro-Aziatyske taalfamylje. De oantsjutting 'Westsemityske talen' waard foar it earst brûkt yn 1883, troch taalkundige Fritz Hommel, om alle Semityske talen ûnder te beflappen dy't net ta de Eastsemityske talen hearden.