Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Ivanhoe

Ivanhoe
algemiene gegevens
oarspr. titel Ivanhoe
auteur sir Walter Scott
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre histoaryske roman
1e publikaasje 1820, Edinburch
oarspr. útjwr. Constable & Co.
Dizze side giet oer histoaryske roman fan sir Walter Scott. Foar oare betsjuttings, sjoch: Ivanhoe (betsjuttingsside).

Ivanhoe is in histoaryske roman fan 'e grutte Britske skriuwer, toanielskriuwer en dichter sir Walter Scott (1771-1832). It ferhaal fertelt fan 'e barrens yn it Midsiuwske Ingelân fan 1194, doe't nei it mislearjen fan 'e Tredde Krústocht in protte krúsfarders noch ûnderweis nei hûs wiene. Ivanhoe, dat foar it earst publisearre waard yn 1820, is ien fan Scott syn bekendste romans, dat yn 'e dagen fan 'e Romantyk tige by tige bydroech oan 'e belangstelling foar de skiednis yn it algemien en foar de Midsiuwen yn it bysûnder. It is withoefolle kearen adaptearre ta oare media, lykas films, tillefyzjesearjes, tekenfilms, stripferhalen, toaniel en opera's. Yn 1985 ferskynde der by de Afûk fan dit ferhaal in Frysktalige bewurking foar jongerein.


Previous Page Next Page






ايفانهو Arabic آیوانهو AZB Айвънхоу Bulgarian আইভানহো Bengali/Bangla Ivanhoe (romant) BR Ivanhoe (novel·la) Catalan Ivanhoe Czech Ivanhoe Danish Ivanhoe German Ivanhoe English

Responsive image

Responsive image