Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Fraachteken

? ¿

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

It fraachteken is in lêsteken dat brûkt wurdt oan de ein fan in fraachsin, dêrmei wurdt dúdlik makke dat it om in fraach giet. Dit wurdt allinnich dien by direkte fragen, by yndirekte fragen is der gjin fraachteken nedich. Bygelyks:

Sjochst do dy earebarre dêr?
Freark frege hoe let it is.

As jo gau wat witte wolle, wurde der ek wolris mear as ien fraachteken brûkt nei in sin, al is dit neffens de rigels fan Fryske grammatika net tastien. Somtiden wurde fraachtekens kombinearre mei útroptekens, bygelyks:

Bist do no hielendal healwiis?!

Yn tekenteltsjes en guon tekenfilmkes ferskynt in ? yn de tinkwolk fan immen dy’t him wat ôffreget.


Previous Page Next Page