Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Drintske Aa

Sicht fan 'e Kymmelsberch op 'e Drintske Aa.

De Drintske Aa (Nederlânsk: Drentsche Aa) is in streamke yn de provinsjes Drinte en Grinslân. De 28 km lange stream ûntspringt op in hichte fan 16 m op it Drintsk Plato en einiget yn it Noard-Willemskanaal yn Grinslân op 0,65 m hichte. It Noard-Willemskanaal einiget wer yn 'e Lauwersmar en Waadsee.

Yn Grinslân en Drinte is it streamke bekend as de Drintske Aa (somtiden inkeld Aa yn Grinslân). Yn Drinte binne der lykwols noch mear lokale nammen lykas it Deurzerdiep, Looner Diep, Taarlosche Diep, Oudemolensche Diep, Schipborgsche Diep, en Westerdiep. In grut part fan it streamgebiet fan de Drintske Aa leit yn it Nasjonaal Gea Drintske Aa.

Fanâlds mûne de Aa út yn 'e Hunze by Adoarp. Yn 1385 waard in diel fan de Aa tusken Dorkwerd en Adoarp ôfsletten en der waard in kanaal dold fan Dorkwerd nei it Ryddjip, sadat it wetter tenei de Lauwersmar yn streamde. It Hoornsediep by de Paterswoldsemar lâns is in oerbliuwsel fan it streamke. Yn 'e stêd Grins dogge de strjitnammen Hoge der A en Lage der A en de Aa-tsjerke noch tinken oan it streamke.


Previous Page Next Page






Drentsche Aa CEB Дрентсе-А CV Drentsche Aa English Drentsche Aa EO Drentsche Aa French Drentsche Aa IO Drentsche Aa Dutch Drentsche Aa NN Дрентсе-А Russian

Responsive image

Responsive image