Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Denis Diderot

Denis Diderot
Hantekening
Hantekening

Denis Diderot (Langres, 5 oktober[1] 1713 - Parys, 31 july 1784) wie in Frânsk auteur, filosoof en keunstkritikus. Diderot wie in foaroansteand persoan yn wat letter de Ferljochting neamd wurde soe. Mei Baruch Spinoza (1632-1677) en Pierre Bayle (1647-1706) wie Diderot de wichtichste filosoof fan de radikale ferljochting.

Hy wie tusken 1750 en 1776 mei D'Alembert redakteur fan de ferneamde Encyclopédie. Fan de 72.000 artikelen yn dy ensyklopedy skreau er sels sa'n 6000. De encyclopédie wiene is soad minsken op tsjin. Yn 1759 waard de ensyklopedy sels formeel ferbearn, mar it wurk gie dêrnei temûk fierder. De ensyklopey wie - út reden fan de klam op religieuze tolerânsje en frijheid fan tinken en in demokratyske geast - in bedriging foar de aristokrasy.

Yn 1773 makke Diderot in sjoernalistike reis troch Hollân. (Voyage en Hollande).

Diderot wie foar frijheid fan mieningsútering en godstsjinst. Yn syn wurken is dúdlik te sjen hoe't er him fan teïst ta deIst nei ateïst ûntjoech.[2]

Diderot droech by oan de literatuer mei ûnder mear syn wurk Jacques le Fataliste, in satiryske roman wêrmei't hy konfinsjes oer de struktuer en ynhâld fan romans oan de kaak stelde en teffens filosofyske ideeën dy't de frije wil oanbelangje ûndersocht. As skriuwer fan toanielstikken hat er sines dien foar it ûntean fan it 'boargerlik' drama.

  1. Sjoch foar syn krekte bertedatum: George R. Havens, « The Dates of Diderot's Birth and Death » yn Modern Language Notes, Vol. 55, No. 1 (jannewaris 1940), s. 31-33.
  2. U. Winter: Der Materialismus bei Diderot. 1972, s. 8.

Previous Page Next Page






Denis Diderot AF ድኒ ዲድሮ AM Denis Diderot AN دنيس ديدرو Arabic دنيس ديدرو ARZ Denis Diderot AST Denis Diderot AY Deni Didro AZ Дени Дидро BA Дэні Дзідро BE

Responsive image

Responsive image