Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


De Lytse Prins

De Lytse Prins
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Petit Prince
auteur Antoine de Saint-Exupéry
taal Frânsk
foarm novelle
sjenre berneboek, mearke
1e publikaasje 1943, Parys
oarspr. útjwr. Éditions Gallimard
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Lytse Prins
publikaasje 1998, Boalsert
útjouwer Koperative Utjouwerij
(werútjûn troch Utjouwerij Elikser)
oersetter Jacobus Q. Smink
ISBN oers. 9 06 57 03 101

De Lytse Prins, yn it oarspronklike Frânsk: Le Petit Prince (útspr.: /lə pti pʁɛ̃s/), is in berneboek yn 'e foarm fan in modern mearke en it bekendste wurk fan 'e grutte tweintichste-iuwske Frânske skriuwer, dichter en fleander Antoine de Saint-Exupéry (1900-1944). Dizze novelle wurdt rûnom beskôge as in hichtepunt fan sawol de moderne Frânske literatuer as de ynternasjonale berneliteratuer. Le Petit Prince is in poëtysk, filosofysk en maatskippijkritysk ferhaal wêryn't in piloat dy't strâne is yn 'e woastyn in prinske moetet, dat fan in lytse asteroïde nei de Ierde fallen is, en optekenet wat it prinske him fertelt. It waard foar it earst útjûn yn 1943, in jier foar Saint-Exupéry syn dea as loftmachtpiloat yn 'e Twadde Wrâldoarloch, en is it meast lêzen en meast fertaalde Frânske boek: it is oerset yn mear as 250 talen en dialekten (braille-edysjes ynbegrepen), en wrâldwiid binne der mear as 140 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Dêrmei is it ien fan 'e bêstferkeapjende boeken ea wurden. De Fryske oersetting fan Jacobus Q. Smink waard útjûn yn 1998.


Previous Page Next Page