Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Bierum

Bierum
Sebastiaantsjerke
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 650 (2021) [1]
Oerflak 7,38 km²
wêrfan lân: 7,34 km²
wêrfan wetter: 0,04 km²
Befolkingstichtens 63 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 6° 51' E
Webside Side Bierum

Bierum (Grinslânsk: Baaierm) is in wierdedoarp yn de gemeente Iemsdelta yn it noarden fan de provinsje Grinslân, Nederlân.

Bierum leit noardwestlik fan Delfsyl oan de Waadkust.

It meast karakteristike gebou fan it doarp is de midsiuwske Sebastiaantsjerke mei in mânske steunbear tsjin de toer oan. Dizze steunbear wie bedoeld om te skoarjen, mar troch in fout yn de oanlis fan it fûnemint lûkt er de toer no feitlik del. Bysûnder is fierders dat dit foar it grutste part romaanske tsjerke in romanogoatyske meloenferwulften hat.

Yn Bierum stie yn it ferline de boarch Luinga. It boarchterrein is noch goed werom te kennen. De entree mei bakstiennen brêge is noch oanwêzich.

Bierum foarme mei de omlizzende doarpen Godlinze, Losdorp, Holwierde, Krewerd en Spijk oant 1990 in selsstannige gemeente. By de gemeentlike weryndieling fan dat jier kaam Bierum by de gemeente Delfsyl, dy't mei yngong fan 1 jannewaris 2021 yndield waard by de hjoeddeiske gemeente Iemsdelta.

  1. Alle Cijfers

Previous Page Next Page






بيروم ARZ Bierum CEB Bierum English بییروم FA Bierum French Bierum Dutch Bierum Polish Bierum Portuguese Бірюм Ukrainian Bierum ZH-MIN-NAN

Responsive image

Responsive image