Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Baarderadiel

Baarderadiel

It eardere gemeentehûs fan Baarderadiel, yn Mantgum.
flagge wapen

Wapen fan Baarderadiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Mantgum
grutste plak Winsum
ynwennertal 5.054 (1980)[1]
befolkingstichtens 69,4 / km²
oerflak 72,85 km²[2]
tal doarpen 15
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Baarderadiel
opheft 1984
opgien yn Littenseradiel
no part fan Ljouwert
Súdwest-Fryslân
De Waadhoeke
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Baarderadiel (Nederlânsk en offisjeel: Baarderadeel) is in eardere gemeente yn it noardwestlike part fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1980 in befolking fan 5.054 minsken,[1] en besloech in oerflak fan 72,85 km².[2] It gemeentehûs fan Baarderadiel stie yn Mantgum, mar it grutste plak wie Winsum.[1] It wie in plattelânsgemeente dy't oarspronklik oan 'e Middelsee lei en sterke kulturele tradysjes hie dy't oant op 'e dei fan hjoed beholden binne. Yn 'e tweintichste iuw rekke in grut part fan 'e gemeente troch gebrek oan wurkgelegenheid sterk ûntfolke.[3] Yn 1984 waard Baarderadiel opheft en mei de buorgemeente Hinnaarderadiel gearfoege ta de nije gemeente Littenseradiel.[4] Tsjintwurdich is it grûngebiet fan it eardere Baarderadiel ferdield ûnder de fúzjegemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke.

  1. 1,0 1,1 1,2 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 7.
  2. 2,0 2,1 Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Baarderadeel.
  3. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 6.
  4. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1718.

Previous Page Next Page






Baarderadeel English Baarderadeel French Baarderadeel Dutch Baarderadeel ZH-MIN-NAN

Responsive image

Responsive image