Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Aldheid

Dizze side giet oer it skiedkundige begryp âldheid. Foar âldheid yn 'e sin fan âlderdom, sjoch: âlderdom.

De âldheid fan in kultuer omfet alle beskavings dy't oan de hjoeddeiske foarôfgongen binne. Yn it bysûnder omfet de Aldheid alle beskavings dy't foarrinners wienen fan de hjoeddeiske westerkse beskaving.

As begjin foar de âldheid jildt it earste foarkommen fan in oanwiisbere beskaving. Sa'n begjin kin de útfining fan it skrift wêze, mar dat hoecht net altiten sa te wêzen; ek sûnder de ûntwikling fan it skrift kin in kultuer in beskaving foarmje. De ein fan de âldheid leit by it teloargean fan de lêste beskaving foar de hjoeddeiske.

De westerske Aldheid begjint likernôch 5000 f.Kr. mei de ûntwikling fan it skrift. De ein fan de Aldheid is de ein fan de Klassike Aldheid: de fal fan it West-Romeinske Ryk yn 476.


Previous Page Next Page






Altertum ALS Edat Antiga AN التاريخ القديم Arabic Edá Antigua AST Qədim Dünya AZ قدیم تاریخ AZB Oitadum BAR Senuobės istuorėjė BAT-SMG Старажытны свет BE Èlmu perkolotan BEW

Responsive image

Responsive image