Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Admiraal

De rangûnderskie-dingstekens fan in Nederlânsk admiraal (rang formeel ôfskaft yn 1956).

In admiraal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is generaal, en by de loftmacht generaal of opperloftmaarskalk. Yn 'e Nederlânske kriichsmacht is rang fan admiraal (eins fan oarsprong admiraal-generaal, dat "algemien admiraal" betsjut) yn ûnbrûk rekke en ferfongen troch luitenant-admiraal. Yn 'e measte kriichsmachten dy't de rang fan admiraal hawwe, is it mei-iens ek de heechste marinerang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas grutadmiraal of admiraal fan de float. It wurd 'admiraal' is in lienwurd út it Arabysk, en is ôflaat fan amir al-bahr, dat letterlik 'kommandant-op-see' betsjut.

As de term 'admiraal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerre-admiraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens faak fjouwer stjerren omfetsje. Behalven de al neamde luitenant-admiraal, in typysk Nederlânske rang dy't ekwivalint is oan in 'folle' admiraal yn bûtenlânske marines, besteane der noch trije legere gradaasjes fan admiraals: fise-generaal (trije stjerren), skout-by-nacht (2 stjerren) en kommandeur (1 stjer). Yn guon marines komt fierders ek noch in ekstra gradaasje foar, de flottylje-admiraal, dy't tusken skout-by-nacht en de kommandeur yn stiet. Admiraals, luitenant-admiraals en fise-admiraals wurde oansprutsen mei "admiraal", wylst skouten-by-nacht oansprutsen wurde mei "skout-by-nacht" en kommandeurs mei "kommandeur". It skip fan in admiraal wurdt it flaggeskip fan in float neamd.


Previous Page Next Page






أدميرال Arabic ادميرال ARZ Almirante AST Admiral AZ آدمیرال AZB Адмірал BE Адмірал BE-X-OLD Адмирал Bulgarian অ্যাডমিরাল Bengali/Bangla Amiral (morlu) BR

Responsive image

Responsive image